Jierrekken Ljouwert is posityf, mar it bliuwt spannend foar de takomst

03 jun 2019 - 16:45

"De strukturele finansjele posysje fan de gemeente Ljouwert is prekêr" sei wethâlder Sjoerd Feitsma moandei by de presintaasje fan de jierrekken oer 2018. Oer dat jier hâldt de gemeente hast 17 miljoen euro oer, mar dat liket positiver as it is.

It risseltaat is folslein ta te skriuwen oan in ekstra ryksbydrage fan hast 21 miljoen. Dy bydrage krige de gemeente út in spesjaal fûns foar gemeenten mei grutte tekoarten op it saneamde Sociaal Domein. De grutte ôffallers sitte benammen op it mêd fan de spesjalistyske jeugdsoarch, dy't hast 3 miljoen djoerder útfoel. It tal kliïnten nimt dêr ta en ek de kosten foar in kliïnt.

De hege kosten foar de jeugdsoarch is gjin spesifyk Ljouwerter probleem. Hieltyd mear gemeenten komme net út mei de fergoeding dy't dêr fan it Ryk tsjinoer stiet. Tiisdei en woansdei sil dit probleem op in kongres fan de VNG (Vereniging Nederlandse Gemeenten) yn Barneveld oan de oarder komme.

De ferwachting is dat in unanym fersyk nei it kabinet giet om de finansjele problemen by de jeugdsoarch struktureel op te lossen.

Wethâlder Sjoerd Feitsma

Wethouder Sjoerd Feitsma nochris

(advertinsje)
(advertinsje)