Fiif nominearren foar de Gysbert Japicxpriis

Fiif Fryske skriuwers binne nomineare foar de Gysbert Japicxpriis, de wichtichste literêre priis fan Fryslân. Dit jier wurdt de priis útrikt foar de kategory proza. De nominearre skriuwers binne Hein Jaap Hilarides, Aggie van der Meer, Elske Schotanus, Nyk de Vries en Ale S. van Zandbergen.
Gysbert Japicx (1603-1666) © Omrop Fryslân
Hein Jaap Hilarides is nominearre foar syn roman De trekker fan Troje, Aggie van der Meer foar De Achttjin, Elske Schotanus foar Wurk, Nyk de Vries foar Renger en Ale S. van Zandbergen foar Famke famke.
De nominearren binne selektearre troch in sjuery besteande út Grytsje Schaaf, Houkje Rijpstra en Atte Jongstra. Se beoardielen 70 Fryske boeken út de perioade 2015- 2018.
De Gysbert Japicxpriis wurdt op 16 novimber útrikt yn Boalsert. De winner krijt 10.000 euro en in oarkonde. De provinsjale prijs is yn 1947 ynsteld.