Lobby foar de Lelylijn wurdt sterker

Twa wurkgroepen dy't har dwaande hâlde mei in rappe treinferbining tusken it westen en it noarden, sille gearwurkje. It giet om de wurkgroep Spoor in Friesland en de inisjatyfgroep Lelylijn. De wurkgroep Spoor in Friesland hâldt him dwaande mei de technyske kanten, wylst de inisjatyfgroep Lelylijn him foaral rjochtet op de lobby yn de gemeentlike, provinsjale en lanlike polityk en yn it bedriuwslibben.
© http://www.lelylijn.eu
Fertsjintwurdigers fan beide groepen kamen okkerdeis byinoar yn Zwolle: in symboalysk plak omdat Zwolle in knooppunt is foar de spoarferbining nei it Noarden. Dêr is doe ôfpraat om tenei as ien groep te krewearjen foar de nije spoarline.
Yn it plan soene der nije stasjons komme yn Drachten, Emmeloord en Leek. Ek Hearrenfean-Súd soe in nij stasjon wurde moatte. Troch de Lelylijn wurdt de ôfstân tusken de Rânestêd en it Noarden lytser.
Mei de Lelylijn soe it mooglik wurde om binnen in oere fan Amsterdam nei Ljouwert te reizgjen. De diskusje oer de line is nij libben ynblaasd troch VNO-NCW-foaroanman Hans de Boer, dy't dêr foar pleitet. Boppedat hat de provinsje Grinslân de Lelylijn yn it nije koälysjeakkoart opnommen.