Learlingen Dockinga College Ferwert: "Kenst elkenien goed"

03 jun 2019 - 16:09

It binne de lêste wiken fan it Dockinga Collega yn Ferwert. As de simmerfakânsje begjint, slute de doarren foargoed. Yn dizze lêste wiken folgje wy meiwurkers en skoalbern. Dizze kear is dat in groepke freondinnen dat skoalle misse sille.

De learlingen fine it spitich dat de skoalle slute moat. "Dyn âlden kinne dy maklik bringe as it reint" en "De leararen binne leuk, it klikt goed."

It belangrykste argumint foar dizze skoalle is noch wol datst elkenien kenst.

Fuort út Ferwert

It nijs sloech in pear moanne lyn yn as in bom: de fêstiging fan it Dockinga College yn Ferwert giet ein fan dit skoaljier ticht. De skoalle hat te min learlingen om de holle boppe wetter te hâlden. Dat binne de hurde feiten.

Mar hoe is it op de skoalle, no't de learlingen en de dosinten mei de lêste wiken yn Ferwert oan de gong binne? We folgje de kommende tiid dosinten, learlingen, de lokaasjelieder en oare meiwurkers. Alle moandeis binne we yn Ferwert, of yn de buert fan it doarp, om de ferhalen te hearren fan de minsken fan it Dockinga College.

(advertinsje)
(advertinsje)