Admiraliteitsdagen yn Dokkum krije bysûndere start mei 'spannende rûte'

03 jun 2019 - 15:50

De Admiraliteitsdagen yn Dokkum begjinne dit jier mei in nij ûnderdiel op de tongersdei: the Challenge of the Admiral. Neffens de organisaasje wurdt hiel Noardeast-Fryslân útdage om in spannende rûte ôf te lizzen yn en om de binnenstêd fan Dokkum hinne, wêrby'tst op de gekste plakken komst. Elk kin meidwaan: skoalbern, jeugd en folwoeksenen.

Foto: Marit Anker

De Challenge is in op himsels steand evenemint binnen de Admiraliteitsdagen, mei in eigen budzjet en twa grutte sponsoaren: De Friesland en de NAM. Fanwege it nije ûnderdiel binne de earste foodtrucks al iepen op tongersdei. En it reuzerêd draait dan ek al. Sa telt de hiele tongersdei mei by de Admiraliteitsdagen, seit de organisaasje, dy't dêr hiel wiis mei is.

De earste skippen hawwe harren yntusken ek al ynskreaun foar de Admiraliteitsdagen. De organisaasje tinkt deroer nei om ek aktiviteiten op de skippen te hâlden. Fierders kriget it festival in eigen biersoart en wurdt ek in spesjale iisko ûntwikkele. De Admiraliteitsdagen binne dit jier op 5, 6, 7 en 8 septimber.

(advertinsje)
(advertinsje)