Eardere badhûs yn Damwâld as earste gemeentlike gebou sûnder gas

It eardere Badhûs yn Damwâld is as earste gemeentelike gebou yn Dantumadiel hielendal fan it gas ôf. Der binne twa waarmtepompen pleatst dy't derfoar soargje dat it waarm is yn it gebou.
De waarmtepompynstallaasje yn it Badhûs yn Damwâld © Gemeente Dantumadiel
It Badhûs hie noch in gasoansluting dy't ferbûn wie mei de sporthal njonken it Badhûs. Dy sporthal is sloopt fanwege de nijbou fan de Campus Damwâld.
Foar de gemeente wie dat in goed momint om oer te gean op elektrysk ferwaarmjen. De CV-tsjettels binne no ferfongen troch twa waarmtepompen.
Yn it Badhûs sitte fjouwer hierders: in berneopfang, in fysioterapeut, in logopedist en it konsultaasjeburo.