Skilders socht foar 100-jierrige skoarstien by Woudagemaal

03 jun 2019 - 14:31

De skoarstien fan it Woudagemaal op 'e Lemmer bestiet dit jier hûndert jier. Dat wurdt fierd op 7 augustus.

Foto: Jurjen Rozeboom/Waterland van Friesland

De skoarstien waard boud foar de ôffier fan reek fan it stoomgemaal, mar waard yn de rin fan de jierren hieltyd mear in 'landmark' fan it UNESCO Wrâlderfgoed Woudagemaal en in beaken foar de skipfeart.

It Woudagemaal siket amateurkeunstners dy't yn ien dei in skilderij meitsje wolle mei de skoarstien as middelpunt. De keunstwurken wurde troch in profesjonele sjuery beoardiele en de moaiste stikken wurde útstald yn 2020 as it Woudagemaal sels hûndert jier bestiet.

Foto: Daniël Hartog
(Advertinsje)
(Advertinsje)