Man stutsen bûten festivalterrein Oerrock yn Oerterp

De plysje docht ûndersyk nei in stekpartij krekt bûten it festivalterrein fan Oerrock yn Oerterp. By de fytsestalling waard in slachtoffer yn de earm stutsen.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De stekpartij wie om likernôch healwei twaen yn de nacht fan sneon op snein op de Skiepeleane yn Oerterp. It slachtoffer waard yn syn boppe-earm stutsen troch immen mei in donker uterlik. It is net dúdlik wat der foar de stekpartij plakfûn hat, of hoe't it mei it slachtoffer is.
De dieder is dêrnei mei twa oare jonges fuortfytst, mooglik brûkten se hjirby mountainbikes. De dieder soe neffens de plysje sa'n 1 meter 70 grut wêze, en tusken de 20 en 30 jier âld wêze. Opfallend wie dat er in sulverkleurige ring yn de noas hie.
Minsken dy't wat sjoen hawwe, wurde frege om kontakt mei de plysje op te nimmen.