Nij programma 'Fan ús' sjocht achter de skermen by it Fries Museum

Yn it nije programma Fan ús fan Omrop Fryslân sjogge we yn fiif ôfleveringen hoe't it efter de skermen wurket by it Fries Museum. De mear as 200.000 items dy't it Fries Museum yn behear hat fertelle it ferhaal oer ús erfgoed. In ferhaal dat oer ús giet, fan ús is; mar hoe wurdt it fan ús?
© Omrop Fryslân
Yn 'Fan ús' is ûnder oare it ferhaal te sjen fan Pim Dinghs út Brussel, dy't in echte Alma-Tadema tekening fûn op de antykmerk. Dinghs: "Ik tocht: dit is too good to be true!" Hy besleat dat der mar ien plak foar wie: it Fries Museum.
It wurkjen yn in museum bringt in hiele ferantwurdlikheid mei him mei. Hoe passe je goed op de items dy't it museum tabetroud binne en wat as de stikken wer fuort moatte om't se net mear yn de kolleksje passe?

It museum lient ek in part. Sa is op it stuit in bysûndere beker mei dêryn nammen fan de Fryske adel te sjen yn it Fries Museum. Op syn beurt lient it museum ek stikken út: oan it MCL bygelyks. Dêrneist moatte de skatten fan it museum ek ûnderhâlden wurde: sa taast de brûnspest in muntskat út de tiid fan de Fikingen oan. Hoe wurde de stikken takomstbestindich makke sadat se noch in ivichheid meikinne?

'Untsammelje' is in trend yn museumlân, want net alles past mear. Letterlik, mei de beheinde romte yn de depots, mar ek figuerlik. It ôfskied nimmen fan kolleksje-items is in tiidslinend proses: de arguminten moatte fêstlein wurde yn dokuminten, der moat sjoen wurde oft der yn in oar museum plak foar is en de eigener moat efterhelle wurde. En dat is noch net sa maklik, benammen wannear't in item mear as 100 jier ferlyn ynbrocht is.
Fan ús is fan tiisdei 4 juny ôf tiisdeis fan 17.35 oere ôf te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.