Himpaksje: memmeplanten yn skiphûs Terherne, grutte fangst op De Harkema

03 jun 2019 - 18:20

By in grutte aksje fan de plysje yn Fryslân binne tolve lokaasjes trochsocht. Der binne trije fertochten oanhâlden en seker trije grutte kwekerijen oprôle.

De haadfertochte is oppakt yn syn wenplak Terherne. Syn himpkwekerij wurdt sjoen as de spil fan de kwekerijen dy't moandei oprôle binne. De kwekerij sit op in frij unike lokaasje, fertelt Marja Doosje sjef fan it basisteam fan de Plysje Snits. It giet om in jachtwerf dêr't ek boaten ferhierd wurde en dêr't boatsjes lizze. De plysje krige yn de rin fan de tiid fan meardere kanten tips dat dêr wat te rêden wie. Der kamen ek tips binnen op Meld Misdaad Anoniem.

De memmeplanten stiene yn Terherne yn in skiphûs. Dêr waarden stekjes by wei helle. De plysje hat tûzenen plantsjes oantroffen mei in strjitwearde fan 4,50 it stik. De Terhernster soe de stekjes oan coffeeshops trochferkocht hawwe.

De grutste himpkwekerij siet yn in âlde loads oan de Reitsmastrjitte op De Harkema. Dêr trof de plysje 3726 himpplanten oan. Fierders waarden yn bedriuwsloadsen op yndustryterreinen op It Hearrenfean en yn Ljouwert growshops ûntmantele. Dêr leine artikelen dy't brûkt wurde foar it groeie litten fan himp.

Yn Drachten waard in kwekerij yn in wenhûs oantroffen. Ek dêr is ien oanhâlden. Der binne ek wenten trochsocht yn Ljouwert, op De Harkema en op It Hearrenfean. Mooglik folgje der noch mear oanhâldingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)