Natuer tusken de smoargens: kuierje by Ecopark de Wierde

03 jun 2019 - 12:51

As je tinke oan Ecopark De Wierde op It Hearrenfean, dan binne de grutte bulten smoargens dy't dêr lizze nei alle gedachten it earste dêr't je oan tinke. Dat is logysk. Mar fan moandei ôf is der op it Ecopark ek in stik natuer te finen. Offalferwurker Omrin iepenet dêr in Ecopaad.

Foto: Omrop Fryslân

It Ecopaad is ien fan de wizen wêrop't Omrin besiket om mear biodiversiteit yn it park te krijen. De ôffalferwurker tekene yn maart noch in bijepakt. It pakt komt fuort út it bijesympoasium fan septimber fan foarich jier. Mei it pakt wolle ferskate organisaasjes har ynsette foar it finen fan oplossings foar de bijestjerte.

It paad is frij tagonklik foar minsken, en sil ûnderdiel wurde fan de rûnliedingen dy't besikers krije by Omrin. Der is ûnder oare in faunapassaazje, in flinter hop-over en ferskate bijehotels. "It frachtferkear rydt hjir dwers troch de natuer, en de flinters kinne dan mei de hop-over oer de bulten feilich oer de dyk komme", fertelt Renate van Opzeeland fan Omrin. Foar de oare bisten is der in dûker oanlein, sa't sy feilich ûnder de dyk trochkomme kinne.

It ultime doel is om der in eco-beleefsintrum fan te meitsjen, "te fergelykjen mei NEMO yn Amsterdam."

(Advertinsje)
(Advertinsje)