Greidhoek'Festival yn Wommels hâldt op; dit jier is de lêste edysje

03 jun 2019 - 12:39

It Greidhoek'Festival yn Wommels hâldt op. Op 7 septimber is de njoggende en lêste edysje. It Greidhoek'Festival is ûntstien út in benefyt-muzykjûn foar swimbad de Klomp yn Wommels, acht jier lyn. Der stiet altiten muzyk op it programma, mar der is ek romte foar keunst.

Foto: www.greidhoekefestival.nl

De organisaasje makke freed op in jûn foar frijwilligers en sponsors bekend dat it Greidhoek'Festival dit jier foar it lêst is. En dat kaam foar de measten as in grutte ferrassing.

"It hat moai west", leit foarsitter Lukas Offinga út. "It is ûntstien út Klomprock en wakker útwreide, mei in entûsjaste groep ha we geweldige ideeën hân en der kamen ek hieltyd mear minsken, mar we tinke dat we yn werhelling falle as we trochgeane. We moatte no wat oars en wolle in nij paad ynslaan."

It tema dit jier is: Bob is dea, leve Bob. Dêrmei ferwiist it festival nei de skilder Bob Ross dy't net al te dreech die.

It nijs kaam de frijwilligers, stipers en freonen oer it mad. "Dat wie even skrikke, se wienen teloarsteld en ha der altyd by belutsen west. Mar we sizze net foar neat 'leve Bob'. Dus nei de lêste edysje sille we nei de mooglikheden sjen, miskien moatte we wer werom nei it begjin, doe't it wat lytser wie." Mar as der minsken binne dy't fine dat it sa bliuwe moat, dan kinne dy har melde by Offinga.

Trefwurden: 
Wommels Greidhoek'Festival
(advertinsje)
(advertinsje)