Ferlies foar follybalmanlju tsjin Estlân

03 jun 2019 - 12:19

De Nederlânske manlju ha sneintejûn ferlern fan Estlân yn de tredde wedstryd fan de European Golden League. Oranje kaam werom fan in 2-0 achterstân, mar koe de fiifde set krekt net winnend ôfslute: it waard 16-14. Snitser Gijs van Solkema begûn op de bank, mar kaam yn de twadde set yn it fjild. Troch it ferlies stiet Nederlân no twadde yn Poule B fan de European Golden League.

Gijs van Solkema yn aksje - Foto: www.orange-pictures.nl

Nei't bûnscoach Piazza yn de twadde set nije spilers ynbrocht hie, begûn it better te rinnen by Nederlân. Ien fan dy nije spilers wie Gijs van Solkema, de spulferdieler. Dy twadde set waard noch krekt ferlern mei 25-23, mar de tredde en fjirde set wie foar Nederlân. De fiifde set wie hiel spannend, werby't lange rally's ûntstiene. Uteinlik luts Estlân oan it langste ein.

Op snein 9 juny spilet Oranje de folgjende wedstryd tsjin Spanje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)