Van der Heide is ûnderweis nei D-day: 'We ha der wiken nei útsjoen"

Dizze wike is it 75 jier lyn dat de Alliearden lânen op de strannen fan Normandië. Op 6 juny 1944 wie it D-day. Op dizze dei wurde yn Frankryk op tal fan strannen de sneuvele militêren fan de Twadde Wrâldoarloch betocht.
© ANP
De 81-jierrige Tjisse van der Heide fan Akkrum en syn soan Klaas Durk binne ûnderweis nei Normandië mei in grutte camper mei oanhingwein mei dêrop in âlde Willy's legerjeep. Se binne snein fuortgien en ha de nacht trochbrocht flakby Ieper yn België. Se geane nei Omaha Beach.
"We binne besmet mei it firus en ha ynteresse yn de tiid 1940-1945. We ha al ferskate dingen ûndernommen. De jeep ha ik foar myn jierdei krigen, al ha ik wol de helte sels betelle," fertelt Tjisse van der Heide.
"We wienen wol fan plan om it hiele stik mei de jeep te riden, mar dan moatte we oer allegearre lytse dykjes. We kinne net oer de grutte diken, dan bliuwt der neat fan de jeep oer." Hy hopet yn Frankryk wol mei de jeep ride te kinnen. "Mar der komme mear minsken en ek mear foertugen, dus we moatte sjen oft dat kin."
Oars hat er wol in alternatyf. "We ha de fyts ek mei, dus as we net in kant út kinne mei de jeep, dan pakke we de fyts fan de camper." Heit en soan sille nei ferskillende betinkingen. "It is prachtich om dit mei de soan te dwaan, we ha der wiken nei útsjoen."
De dei fan 6 juny is ekstra spesjaal om't Van der Heide dan 82 jier hopet te wurden. Of 'tachtich plus twa' sa't er it sels neamt.
Tjisse van der Heide
Ek Ivo Rigter út Harns is foar de betinking yn Frankryk. Syn restaurearre lâningsboat hat er op it lêste momint net meinommen, fanwege logistike redenen. Hy hat fiif jier lyn by de betinking west en doe stienen der tûzenen minsken op de strannen, mei elk in blom yn de hân.
"Het wordt nu ook vast een ingetogen ceremonie met veteranen die al dik in de negentig zijn, ondersteund door anderen. Dat is wel een moment om een traantje weg te pinken", fertelt Ivo Rigter.