Positive jiersifers foar soarchorganisaasjes KwadrantGroep en Alliade

03 jun 2019 - 10:55

Sawol de KwadrantGroep as Alliade hawwe in finansjeel goed jier achter de rêch. Dat docht bliken út de meast resinte sifers oer it boekjier 2018.

Âldereinsoarch - Foto: Shutterstock.com

De KwadrantGroep hat oer 2018 in posityf resultaat fan 4,6 miljoen euro behelle, op in omset fan 197,9 miljoen euro. Ferline jier hie de soarchorganisaasje noch in negatyf resultaat fan 13,3 miljoen euro.

Dat de KwadrantGroep dit jier positive sifers sjen litte kin hat foar in grut part te krijen mei in reorganisaasje dy't minder jild koste as yn it foar tocht wie. "Die is eigenlijk tot stand gekomen doordat we met z'n allen in het bedrijf enorm hard gewerkt hebben aan het stroomlijnen van de bedrijfsvoering en het terugdringen van de personeelskosten, voornamelijk in de ondersteuning", fertelt Jan Maarten Nuijens, foarsitter fan de Rie fan Bestjoer fan de KwadrantGroep. "Ook de kosten van de reorganisatie zijn uiteindelijk meegevallen."

Ferwachtingen

Nuijens hopet de positive resultaten fol te hâlden yn dit jier en de takommende jierren ek al sit der in soad druk op de budzjetten yn de soarch. "Er was veel werk aan de winkel, het is ook nog niet zo dat nu meteen de zon schijnt, want een resultaat van negen ton positief uit de bedrijfsvoering, dat is op zich een goed resultaat, maar nog niet voldoende. Het is een stap in de goede richting, maar we zijn er nog niet", seit Nuijens.

Gjin konsekwinsjes foar kliïnten

De besunigings sitte benammen yn it stypjende apparaat, lykas kosten oan it haadkantoar. "Ik denk dat de mensen die hier van ons zorgen krijgen niets gemerkt hebben van de bezuinigingen die we hebben doorgevoerd, juist omdat we de kosten in de ondersteuning flink hebben teruggebracht."

By Zorggroep Alliade is in posityf resultaat fan 6,5 miljoen euro yn de boeken skreaun, op in omset fan 313 miljoen euro. Benammen stichtingen Talant (hendikeptesoarch), Meriant (âldereinsoarch) en Reik (jeugdsoarch) diene it goed.

De organisaasje moast lykwols ôfskriuwe op de soarchsupermerken fan Support & Co. Dizze supermerken hiene in tekoart fan 150.000 euro. Mar neffens Alliade is it mei 10.000 euro de supermerk akseptabel.

Jan Maarten Nuijens, foarsitter fan de Rie fan Bestjoer

Trefwurden: 
Kwadrantgroep Alliade
(advertinsje)
(advertinsje)