Wetterskip mjit gniisgas yn rioelwetter

03 jun 2019 - 09:31

Wetterskip Fryslân sil mjittingen dwaan by de rioelwettersuveringsynstallaasjes fan De Jouwer en It Hearrenfean, om te sjen hoefolle gniisgas der frijkomt. Gniisgas is in tige sterk broeikasgas, dat faak by it suveringsproses frijkomt.

It publyk ken gniisgas (lachgas) tsjinwurdich benammen út nijsberjochten oer stapperspublyk. Sy brûke it gauris om koarte tiid high te wurden. It gas is legaal, en foar in lege priis te krijen yn in soad kroegen. Mar gniisgas is ek in gemyske stof dy't frijkomt by it skjinmeitsjen fan rioelwetter. It ûnderdiel gniisgas yn de klimaatfoetôfdrûk fan in rioelsuveringsynstallaasje kin sels oprinne oant 75 prosint.

Klimaatneutraal

Distikstof(mono)okside, sa't it gas offisjeel hjit, is in tige sterk broeikasgas. Ien gram gniisgas hat 250 kear mear ympakt as 1 gram koaldiokside. Om dan in fergelyk te meitsjen: in bus slachrjemme hat likefolle effekt op it miljeu as in liter benzine. En it duorret mear as 100 jier foar't it gniisgasmolekúl folslein opromme is troch de natuer.

In patroan foar lachgas yn de Alde Doelesteech yn Ljouwert - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Wetterskip Fryslân hat as doel om yn 2030 folslein klimaatneutraal te wêzen, en om dat te berikken moat der sjoen wurde nei distikstof(mono)okside.

"Met deze maatregel is Wetterskip Fryslân één van de eerste waterschappen die werk gaat maken om de klimaatvoetafdruk van lachgas nauwkeuriger in beeld te brengen", seit Otto van der Galiën fan it deistich bestjoer.

Wetterskip Fryslân makket 48.000 euro beskikber om mei spesjale sensoaren ûndersyk te dwaan.

Sybren Gerbens fan it Wetterskip

(advertinsje)
(advertinsje)