Kollum: "Bleatekontefuotbal"

"Ik sil ynkoarten wer nei in naturistecamping. Oftewol: in bleatekontekamping. Dat haw ik ferline jier ek dien en it befoel prima, dus it sil wer heve. Yn myn syktocht nei in geskikte campings, kaam ik op de webside fan in naturistecamping yn de polder. Op de webside seach ik in foto stean fan in groepke âldere minsken, dy't yn de bleate kont oan it jeu de boulen wienen. En ik jou ta: dêr moast sels ik efkes fan bykomme.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
De earste kear yn de bleate kont oer de camping kuierje: ik moast ferline jier efkes in drompeltsje oer. Mar ast dy ien kear letterlik en figuerlik bleat jûn hast, is it hearlik. Moatst der wol moai waar by hawwe fansels, mar dan hast gjin gedoch mear mei klean oan en út. Strûpst moarns by de earste sinnestrielen de boel út en klaar is kees.
'Fljochst dan ek yn 'e bleate kont nei de supermerk', waard my ferline jier hiel faak frege. Nee, fansels net. Allinnich op de camping hast de klean út. Giest it terrein ôf, dan dochst de klean oan. En ek by it jeu de boulen ferline jier hiene de buorlju gewoan de klean oan. Alle jûns om acht oere sammelen de fêste campinggasten har by it jeu de boules fjild en waard der ûnder it genot fan in wyntsje in baltsje smiten.
Mar by dizze nije camping seach ik op de webside dus dat dêr wol yn de bleate kont jeu de bouled wurdt. En ik lies dat der ek in fuotbalfjild is. Hoe soe dat wêze, tocht ik, fuotbalje yn 'e bleate kont? Hotst en klotst dat net fierstentefolle? Mar tagelyk seach ik fuort ek in hiel soad foardielen. Yn de bleate kont fuotbalje soe in hiel soad gedoch op it fuotbalfjild oplosse.
Alderearst hawwe wy gjin 'shirtsjelûkerij' mear. Want der is gewoan gjin shirt om fêst te hâlden. It twadde foardiel is automatysk dat wy ek gjin gedoch mear hawwe mei it útlûken fan it shirt om in doelpunt te fieren. In sliding troch de modder? Prima. Gjin waskfrou dy't moandeitemoarn jankend foar de waskmasine sit om alles wer skjin te krijen. En boppedat kinne wy dan noch mear genietsje fan al dy tattoos dy't fuotballers hjoed-de-dei op de earms, fuotten en it boarst stean hawwe.
Dan dat gedoch mei it pimeltsje beskermjen by it bouwen fan it muorke by in frije traap. Al dy manlju stean krampachtich mei de hannen foar it krús, as hawwe se in leuter fan in meter. Ek net mear nedich. Wy kinne as publyk tenei sels krekt sjen wa't de hannen wol en net foar it krús hoecht te hâlden.
Mar it grutste foardiel is fansels dat manljusfuotbal ek yn ien kear in stik ynteressanter wurdt foar froulju. Wêr't froulju no mei de iPad op skoat sitte om ûnder in fuotbalwedstriid te Netflixen, bin ik der wis fan dat se no seker oplette sille.
En krekt oarsom jildt dat krekt sa. Wêr't manlju no eamelje dat it frouljusfuotbal net om oan te 'gluren' is, sille se der dan plat foar sitte. Mei oare wurden: ik sjoch allegearre foardielen. Wy moatte allinnich noch efkes betinke wêr't de skiedsrjochter syn giele en reade kaarten dan aanst bewarret."