Gefaarlik grint op dyk by Tsjom: "Wachtsje op earste deade"

03 jun 2019 - 07:19

De gemeente Waadhoeke moat de dyk de Nijbuursterwei sa gau as mooglik oanpakke. Dat fine guon ynwenners fan Tsjom. Der barre fiersten tefolle ûngemakken op de dyk, dy't rint fan Tsjom nei Winsum. Freedtejûn ek wer, in auto mei dêryn fjouwer minsken rekke fan de dyk en kaam op 'e kop yn it wetter. Se koene der allegearre útkomme. De oarsaak is neffens omwenners simpel: stientsjes op de dyk.

De Nijbuurtsterwei is in betondyk. De berm njonken de dyk wurdt oanfolle mei in soarte fan gravel. De lytse stientsjes bedarje, as minsken der oerhinne ride, op de dyk sels. Yn de bochten soarget dat foar gefaarlike sitewaasjes. As je oer de stientsjes ride reitsje je al gau de kontrôle oer je stjoer kwyt. "Ik haw al in pear kear in motorrider út de feart helle. Dy ride dan yn sa'n bocht en kinne 'm net mear hâlde en roetse sa de feart yn", seit in ynwenner fan Tsjom. Hy seit dat der al geregeld oer klage is by de gemeente Waadhoeke: "We hawwe se al faker belle. Dan komt der in faaiwein en is it wer skjin. Foar in dei ûngefear en dan leit it der wer."

"Wachtsje op de earste deade"

De Nijbuurtsterdyk stiet al bekend as in dyk wêrop't hurd riden wurdt. Der mei maksimaal 60 kilometer yn de oere riden wurde. "Der wurdt soms te hurd riden. Mar oft je no 70 ride of 50: as je de stientsjes ûnder de bannen hawwe dan binne je sa fan de dyk ôf. It is sa wachtsjen op de earste deade." Ien fan de boeren út de omjouwing komt sels geregeld yn aksje. Hy makket mei syn eigen masine de dyk dan wer skjin.

De plysje docht ûndersyk nei wat de oarsaak fan it ûngelok ôfrûne freed wie. De gemeente Waadhoeke wie net berikber foar kommentaar.

(advertinsje)
(advertinsje)