Auto's brâne út yn Drachten

By in fûle brân binne yn de nacht fan snein op moandei yn Drachten twa auto's ferlern gien. De auto's stiene parkeard op de Hagewyk.
Auto's brâne út yn Drachten
De auto's binne nei alle gedachten yn de brân stutsen, yn de buert waard in jerrycan mei brânbere floeistof fûn. Om foar te kommen dat disel út ien fan de auto's yn it rioel telâne komme koe, waarden de putten troch de brânwacht tichtmakke. De omjouwing is ôfset, de plysje sil moandei technysk ûndersyk dwaan.
© SR Fotografie