Tûzenen minsken komme nei simmerske edysje Oranjewoud Festival

De achtste edysje fan it klassike Oranjewoud Festival hat yn it Himelfeartswykein 16.000 minsken nei Oranjewâld talutsen. De organisaasje is tefreden mei dit oantal. Benammen it tal beteljende besikers is neffens it festival bot tanaam.
Tûzenen minsken komme nei simmerske edysje Oranjewoud Festival
It haadprogramma bestie tusken woansdei 29 maaie en snein 2 juny út 28 konserten ferspraat oer fiif lokaasjes. Sa spile it Stegreif Orchester út Berlyn twa kear yn iisstadion Thialf. Dêrnjonken wiene der ek konserten fan mezzosopraan Anne Sofie von Otter, harpist Remy van Kesteren en de band The Erlkings.
Ien fan de populêrste ûnderdielen fan it programma wie de berneproeftún. Hjir koene bern yn de leeftiid fan 4 oant 12 jier op in leechdrompelige wize yn de kunde komme mei muzyk. Yn fjouwer dagen tiid krige de bernetún 2.000 besikers.
De folgjende edysje fan it Oranjewoud Festival is takom jier fan 28 maaie oant 1 juny.