Hartman wol nei strieminne jierren werom nei de kearn

03 jun 2019 - 06:03

Ynterim-direkteur Kenaad Tewarie fan glêstúnboubedriuw Hartman hat, nei in pear strieminne jierren, wer fertrouwen yn 'e takomst. Dat seit er yn in ynterview mei Omrop Fryslân. Tewarie naam yn novimber ferline jier it roer oer fan syn foargonger Henny van Gennip. Under him en syn foargonger Rob Bal, waarden sawol yn 2017 as yn 2018 miljoeneferliezen notearre.

Tewarie konstatearre dat der by syn oantreden in soad romte wie foar ferbettering. Hy wiist op min personielsbelied, mei in lieding dy't gjin ferstân fan saken hie en net nei de minsken harke. Ek wiist er op minsken op de ferkearde plakken, de oanskaf fan ferkearde masinen en bedriuwsfrjemde aktiviteiten, lykas ynpakwurk foar tredden. Dat soarge foar kampfoarming yn it bedriuw, in eangstkultuer en in drastyske fal fan de resultaten.

Sawol yn 2017 as yn 2018 waard sân miljoen euro ferlies makke. Tewarie siket de skuld foar de minne resultaten net yn earste ynstânsje by de âlde eigener Willem Hartman, dy't it bedriuw yn 2017 oan de Fruitfarm ferkocht. Neffens Tewarie wie Hartman foar de oername wol in bedriuw mei wikseljende resultaten en wie der sa as wol faker bart by famyljebedriuwen net genôch ynvestearre. Mar as der goeie lieding west hie nei de oername, hie it bedriuw nea yn de swierrichheden kaam sa as no bard is.

Ofgrûn

Troch de ferliezen balansearre Hartman ein 2018 op 'e râne fan in fallisemint. Yn gearwurking mei de eigener fan de Fruit Farm Group, Hein Deprez, húsbankier de Rabobank en oare partijen is soarge foar oanfoljende finansiering om it bedriuw oerein te hâlden. Ek no wurdt noch praat oer krediten dy't nedich binne om de kontinuïteit net yn gefaar te bringen. Tewarie hat goede hoop dat dat yn oarder komt.

Nije oanpak

Neffens Tewarie is hy yn novimber mei in oare oanpak útein set om it tij te kearen. Minsken fan bûten binne oan de kant set en ferfongen troch wurknimmers dy't it bedriuw kinne en witte wat it telen is. Dy kennis is neffens Tewarie him folop oanwêzich. It giet om de minsken. Dêr leit de krêft en de kennis fan it bedriuw, seit er. Mar neffens him wie in reorganisaasje net foar te kommen.

De oankundiging dêrfan kaam flak foar de krysttiid, mei de meidieling dat 57 fan de 110 fêste minsken harren baan ferlieze soe. "In mindere timing koe net, mar we moasten yngripe omdat it oars dien wie", seit er. Uteinlik binne 20 minsken harren baan echt kwytrekke. Fierder binne der njoggen fuort gien troch natuerlik ferrin. De ferkoarte wurktiid dy't foar nochris 33 minsken oanfrege wurde soe, is net mear nedich. Sy kinne allegearre bliuwe sa is ôfrûne freed oan it personiel bekend makke.

Takomst

Hartman is hielendal werom nei de kearntaken, seit Tewarie. Dat betsjut allinnich noch it telen fan griente lykas komkommers, koerzjetten, tomaten en paprika's. Sa'n sechstich persint dêrfan giet nei de grutste klant: Albert Heijn. It oare giet nei oare bedriuwen, ûnder oare yn Dútslân. Ek binne der petearen geande om it klantebestân fierder út te wreidzjen. Tewarie hat wer fertrouwen yn 'e takomst. "It giet de goede kant op, mar we binne der noch net", sa seit er.

(advertinsje)
(advertinsje)