Twa auto's botse op de N358 by Easternijtsjerk

Op de N358 krekt bûten Easternijtsjerk binne sneintejûn twa auto's mei elkoar yn botsing kommen. Hoe't it ûngelok barre koe, is net dúdlik. Ien persoan is nei it ûngelok troch meiwurkers fan de ambulânse kontrolearre.
© ProNews
De beide auto's binne swier skansearre rekke troch de klap. In berger hat de auto's fuort sleept.

Nije situaasje

De ôfrûne tiid is der op ferskate plakken wurke oan de N358. Op guon plakken, ek by Easternijtsjerk, is de ferkearssituaasje feroare.