Partoer Nynke Sijbrandij wint haadklassepartij yn Kimswert

02 jun 2019 - 20:43

It partoer fan Nynke Sijbrandij, Imke van der Leest en Marrit Zeinstra hat snein de frijeformaasjepartij yn Kimswert wûn. Yn de finale wiene de froulju mei 5-3 en 6-0 te sterk foar Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol.

Marrit Zeinstra, Nynke Sijbrandij en Imke van der Leest. - Foto: Sjoerd Dotinga

Foar it partoer fan Sijbrandij wie it de twadde oerwinning fan it seizoen. De tsjinstanners yn de finale, Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol, waarden in dei earder noch tredde yn Reduzum.

De tredde priis yn Kimswert wie foar Anne Monfils, Margriet Bakker en Harmke Siegersma.

(advertinsje)
(advertinsje)