Brêge Kiestersyl wol net goed ticht, skippen kinne net fierder farre

02 jun 2019 - 20:12

Skippen dy't sneintejûn noch tusken Harns en Frjentsjer farre moatte, kinne op dit stuit net troch de brêge by Kiestersyl. De brêge wol fanwegen de waarmte net mear goed ticht.

Foto: Srfotografie

Dat betsjut dat skippen mei mêst net mear fierder farre kinne en dat oar ferkear in skoft net oer de brêge ride koe. Oer de brêge hinne ride kin yntusken wol wer; de slachbomen fan de brêge binne provisoarysk fuorthelle.

Wannear't de brêge wol wer gewoan ticht kin, is noch net bekend. Der leinen sneintejûn ferskate boaten te wachtsjen foar de brêge.

Trefwurden: 
brêge Kiestersyl
(advertinsje)
(advertinsje)