Snits Wyt Swart ferliest en promovearret net nei de haadklasse

Snits Wyt Swart hat snein yn de twadde ronde fan de neikompetysje ferlern fan vv DHC út Delft. Yn Snits waard it 1-3. Troch it ferlies makket de klup gjin kâns mear om te promovearjen nei de haadklasse.
© Snits Wyt Swart
Yn it begjin fan de wedstriid krigen beide teams wol wat kânskes, mar de earste goal wie foar DHC. Nei tolve minuten makke Quinten van der Kraay de 0-1. Yn de ekstra tiid fan de earste helte waard it ek noch 0-2, nei't Han Miedema in oertrêding makke yn it sechstjinmetergebiet. Joey Emmerik fersulvere de strafskop.
Fiif minuten nei it skoft krigen de Snitsers ek in penalty, nei't in DHC'er hands makke. Gerben Visser skeat yn 'e goal en sette dêrmei de 1-2 op it skoareboerd. Noch gjin tsien minuten letter makke Jessy Nauman de 1-3. Dêrnei gie Snits Wyt Swart noch wol fol yn 'e oanfal, mar se kamen net mear ta skoaren.

Net werom nei de haadklasse

Snits Wyt Swart einige dit jier as twadde yn de earste klasse F en wûn derby ek twa perioaden. Fia neikompetysje woene de Snitsers weromkeare yn de haadklasse, dêr't sy foarich seizoen út degradearren. Mei it ferlies fan snein komt in ein oan dy dream.