Gert-Anne van der Bos: "Dronryp moaiste oerwinning fan dit seizoen"

02 jun 2019 - 18:44

"Asto sjochst nei de partijen fan hjoed, dan wie dit de moaiste oerwinning fan it seizoen." Dat sei Gert-Anne van der Bos sneintemiddei nei syn oerwinning yn Dronryp. Mei Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra wûn er alwer foar de fiifde kear op rige dit seizoen.

Benammen de partij yn de twadde omloop wie noch spannend foar Van der Bos-en-dy. "Juster keatsten wy ek al in partij tsjin Bauke Triemstra-en-dy. Dy keatsten doe ek goed. Dus dan witte je: wy moatte oan de bak."

Fiif op rige

Mei de oerwinning yn Dronryp stiet de teller no op fiif oerwinningen op rige foar Van der Bos, Triemstra en Steenstra. Mar hat it partoer no ek ekstra druk? "Dêr binne we eins net mei dwaande. We wolle wol winne, dêr traine we fansels ek foar. Mar ekstra druk? Nee, wy sjogge wol wêr't it einiget."

Yn de finale yn Dronryp wûnen Van der Bos-en-dy mei 5-2 en 6-0 fan Enno Kingma, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong. Neffens De Jong is it ferskil mei it winnende partoer op dit stuit gewoanwei te grut. "Sy meitsje minder flaters as de tsjinstanners en wy slaan tefolle bûten."

"As wy winne moatte, dan moat alles goed gean. Wy wiene yn de finale ek net yn ús bêste dwaan. Mar it krêftsferskil is grut en dan meitsje wy tefolle flaters."

(Advertinsje)
(Advertinsje)