Winstrige Van der Bos-en-dy kriget ferfolch yn Dronryp

02 jun 2019 - 17:09

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra hat sneintemiddei it keatsen yn Dronryp wûn. De frijeformaasjepartij dêr fan feriening Sjirk de Wal wie alwer de fiifde oerwinning op rige foar Van der Bos-en-dy. Tjisse Steenstra waard nei ôfrin, lykas ferline jier, útroppen ta kening.

Foto: Henk Bootsma

Yn de finale yn Dronryp waarden Enno Kingma, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong mei 5-2 en 6-0 nei it twadde plak ferwiisd.

Finale

It earste earst fan de finale wie in proai foar Kingma-en-dy. By in stân fan 6-6 sloech Steenstra de bal kwea. It folgjende earst gie nei it partoer fan Van der Bos troch opslachmissers fan Enno Kingma. Dêrnei rûnen Van der Bos-en-dy al gau út nei 3-1.

Gert-Anne van der Bos oer de oerwinning yn Dronryp

Nei't Tjisse Steenstra mei in sitbal der 4-1 fan makke, kamen Kingma, Plat en De Jong wer efkes werom. In kweaslach fan Triemstra betsjutte de 4-2. Dêrnei wie de partij gau klear. Doe't Sjoerd de Jong op 5-2 6-0 kwea sloech, wie de finale dien.

Priiswinners

Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra ferlearen de heale finale mei 5-4 6-4 fan Kingma-en-dy.

Finalist Sjoerd de Jong

(Advertinsje)
(Advertinsje)