UPDATE: Grutste part fan Bûtenpost hat wer stroom
Hast tûzen ynwenners fan Bûtenpost sieten sneintemiddei in skoft sûnder stroom. Der wie in steuring dy't yn totaal 929 klanten trof.
De monteurs fan Liander hiene om 18.00 oere hinne it grutste part fan it probleem oplost. Foar de minsken dy't noch gjin stroom hiene, waard in aggregaat oproppen foar fierder werstel.