Clevering wint goud mei Nederlânsk team op EK roeien

02 jun 2019 - 16:11

Ymkje Clevering fan Haulerwyk hat snein op de Europeeske kampioenskippen roeien yn it Switserske Luzern in gouden medalje behelle. Clevering wûn mei har teamgenoaten Ellen Hogerwerf, Karolien Florijn en Veronique Meester yn de finale ienfâldich fan Roemenië en Poalen.

Stockfoto roeien - Foto: ANP

De fjouwer froulju fan Oranje hiene in goede start en rûnen al gau út. By de finish hiene se mear as in boatlingte foarsprong op de Roemeenske tsjinstanners.

Njonken de Nederlânske froulju wûnen ek de manlju mei in grutte foarsprong de Europeeske titel yn Switserlân.

Trefwurden: 
EK roeien Ymkje Clevering
(Advertinsje)
(Advertinsje)