Gerben Gerbrandy: "Situaasje om Nij Ylostins hinne is folslein út de rails rûn"

02 jun 2019 - 14:20

"De situaasje om Nij Ylostins hinne is folslein út de rails rûn". Dat stelt it nagelnije Earste Keamerlid Gerben Gerbrandy. Yn it Nijsfoarum by Buro de Vries op Omrop Fryslân radio neamt FNP'er Gerbrandy de gong fan saken "in typysk foarbyld fan belied meitsje, sûnder te sjen nei wat der libbet yn de mienskip."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

PvdA-steatelid Marijke Roskam foel him dêryn by. Gerbrandy, dy't earder wethâlder yn Wymbritseradiel wie, is goed op de hichte fan de situaasje yn Drylts. "Dêr wenje minsken fan fier oer de njoggentich. Dy stjoere jo dochs net samar in brief dat de boel sloopt wurdt? Dat kin echt net. Sa gean jo net mei minsken om!"

Roskam wiisde ferhierder Elkien ek noch op syn basistaak: "Sy moatte dwaan wêr't se foar binne: minsken noflik wenje litte op it plak dêr't se dat graach wolle."

It Nijsfoarum mei Gerben Gerbrandy en Marijke Roskam

(Advertinsje)
(Advertinsje)