Amon dos Santos giet werom nei syn bertelân Brazilië om bern te helpen

02 jun 2019 - 11:16

Op syn tredde waard Amon 'Frenk' dos Santos adoptearre en kaam er nei Fryslân. De 36-jierrige artyst hat in bewogen libben hân, mei troch syn adopsje. Nei 33 jier sil er yn july werom nei Brazilië dêr't syn widze stie. Om bern yn de krottewiken te helpen. Mei foaral muzyk. Muzyk en bern is ek wat him hjir yn Fryslân ek dwaande hâldt.

Foto: Simone Scheffer

Dos Santos hat de 'Sterrenfabriek'. Dêr leare bern tusken de 8 en 18 jier muzyk en oare kreative dingen. Om selsbetrouwen op te bouwen en steviger yn it libben te stean. En fansels om wille te hawwen. Dat wol er de bern yn drege omstannichheden yn Rio de Janeiro aanst ek bybringe.

Kâld yn Nederlân

Frenk wie 3 jier doe't er op it fleantúch nei Nederlân set waard. Yn de winter fan 1986, ien fan de kâldsten fan de lêste desennia kaam it jonkje oan. In skok foar him. Kwa temperatuer en ek wat kultuer oangbelanget. Hy wit noch goed hoe fertrietlik oft er wie en hoe kâld oft it wie.

Traumatysk

De jonge Frenk kaam yn in adopsjehúshâlding yn Fryslân. Dat kaam net goed. Neffens him wie it gjin goede húshâlding. Syn jeugd wie traumatysk. Gjin waarmte en gjin thúsfielen hiene as gefolch dat er op syn 14e fuortrûn. Hy waard dêrnei wol pleatst yn in echte pleechhúshâlding, mar koe dêr as puber net goed mei omgean. Op syn 16e gie er it hûs út. Dêrnei gie it lang skoft min mei Frenk. Hy rekke ferslaafd en op 'e swalk. Hy libbe op 'e strjitte.

Yllegale adopsje

Frenk wie ien fan de 'yllegaal' adoptearre bern yn Nederlân. Der is neat bekend oer syn biologyske famylje. Dat is in gat yn syn wêzen en dreech te akseptearjen. Mar stadichoan naam er it libben wer yn eigen hân en no giet it hiel goed. Altyd hat er it yn 'e holle hân dat er jongeren helpe woe. Yn Nederlân en Fryslân, mar úteinlik ek yn syn bertelân. En no is it aanst safier. Yn july sil Frenk nei Brazilië. Earst nei syn bertedoarp. Dêr wol er fiele hoe't it is om werom te wêzen yn syn berteplak.

Susterstêd

Amon 'Frenk' dos Santos sil sjen oft der in mooglikheid is om in soarte fan susterstêd mei syn berteplak Salvador te meitsjen. Dat is in kwestje fan lange asem, mar dy hat er. Mei Brazilianen moatte jo geduld hawwe, seit Frenk. Dat wit er fan himsels.

De hope op it finen fan syn biologyske famylje lit er no eefkes gewurde. Dêr hat er tefolle teloarstellings oer hân. Mar tusken minsken wêze dy't syn genen hawwe is al in hiel moai foarútsjoch. Hy kin der no al blier fan wurde. It lytse, fertrietlike jonkje fan 3 jier komt as folwoeksen en sterke man werom. Net allinnich foar himsels, mar benammen foar de bern dêr.

De reis en it frijwilligerswurk wurde betelle mei mei jild út crowdfunding. Dos Santos is holpen troch ynsammelaksjes fan basisskoalle de Oldenije yn Ljouwert en mei donearaksjes. Op 8 juny is der in benefytfeest om ekstra jild op te heljen. It feest is yn sealen Schaaf yn Ljouwert.

Amon dos Santos

Amon dos Santos
(Advertinsje)
(Advertinsje)