Brânwacht oproppen foar meardere kontenerbrannen

02 jun 2019 - 08:23

De brânwacht is yn de nacht fan sneon op snein oproppen foar meardere kontenerbrannen. Flak nei tolven wie it safier yn de Keppelstrjitte yn Dokkum. Dêr baarnde it yn in ûndergrûnse papierkontener.

Foto: SR Fotografie

Letter kaam der ek in melding oer in kontenerbrân oan de Waling Dijkstrastrjitte yn Kollum. En by sportsintrum Koartesweach op De Gordyk waard in brân yn in iepen kontener melden dy't faak brûkt wurdt foar bou- en sloopôffal. De lêste melding kaam efkes nei healwei sânen. Dy gie oer brân yn in ôffalkontener oan de Beukenstrjitte yn de Ljouwerter wyk Heechterp.

(Advertinsje)
(Advertinsje)