Famkes binne better as froulju en Ysbrand Galama wint fierljeppen yn Drylts

01 jun 2019 - 22:35

Ysbrand Galama fan it Heidenskip hat it fierljeppen yn Drylts wûn. Yn de finale sprong er 19.48 meter. Oant dy tiid wie de fierste sprong fan Bobby Zwaagman, dy't mei 19.09 meter twadde waard. De man dy't de earste trije wedstriden wûn, Jan Teade Nauta, waard tredde mei 18.77 meter.

Foto: Martin de Jong

Galama is regearjend Frysk kampioen. Oant no ta waard er dit jier trije kear twadde, achter Jan Teade Nauta. Yn Drylts sprong er dêr pas yn de finale foarby.

By de froulju lei de wedstriid iepen. De grutste kânshawwer wie Sigrid Bokma, dy't de earste trije wedstriden allegearre wûn hat, mar dy die net mei. Se wie op fakânsje.

Marije Reitsma út Drylts wie de bêste frou mei 13.15 meter. Akke Dijkstra stie even oan kop, mei 13.11 meter, mar se waard yn de lêste sprong foarby ljept.

Twadde klasse springt fierder

De bêste froulju út de twadde klasse sprongen fierder. Anna-Jet Leijenaar makke yndruk mei in sprong fan 15.11 meter. Dêrmei stiet se yn it klassemint noch mar 1 sintimeter achter op Marrit van der Wal, dy't yn Drylts trije kear wiet sprong. Nei fjouwer wedstriden telle de twa bêsten mei foar it klassemint.

Foto: Martin de Jong

Ysbrand Galama

Famkes meitsje yndruk

By de famkes waard ek fierder sprongen as by de froulju. Femke Rispens ljepte 13.73 meter. De twadde priis wie foar Marike Jansen mei 13.54 meter. En tredde waard Inger Haanstra mei 13.38 meter. Foar Jansen en Haanstra wie dat in persoanlik rekôr. En alletrije sprongen se fierder as de sterkste frou. Dat bart hast noait.

Jonges en junioaren

By de junioaren pakte Wietse Nauta mei oermacht syn fjirde titel op rige. Hy sprong 18.17 meter, en dat wie mear as twa meter fierder as de nûmer twa. Jos Betlehem ljepte 16.07 meter.

By de jonges waard Rutger Haanstra kampioen. Hy hie dit jier al twa kear earder wûn. No sprong er 16.99 meter.

Trefwurden: 
Drylts fierljeppen
(Advertinsje)
(Advertinsje)