Kampioen LDODK ferliest, SCO en Mid-Fryslân yn de middenmoat

De kuorballers fan LDODK ha sneontemiddei de lêste kompetysjewedstriid ferlern fan Fortuna. Yn Delft waard it 18-17. Foar de kuorballers fan De Gordyk, dy't ferline wike al ûnferslein kampioen waarden, is it de earste nederlaach.
© Omrop Fryslân, Freark Wijma
LDODK wie nei it lykspul ferline wike tsjin DOS'46 al wis fan it kampioenskip yn de eareklasse A. De Friezen spylje op 15 juny in play-off-wedstriid tsjin de nûmer twa fan de eareklasse B, TOP út Sassenheim.
Ek it twadde team fan LDODK hat de krúsfinales helle. Troch winst yn Delft op Fortuna 2 mei 21-20 binne se as twadde einige yn de reserve-eareklasse. Opmerklik, want foar de sealkompetysje stiene se noch lêste yn de pûl fan seis teams. Sy spylje op freed 14 july om in plak yn de reserve-finale.

Haadklasse A

SCO en Mid-Fryslan kamen ek yn aksje. Sy spylje yn de haadklasse A. SCO gong op besite by KCC. Dêr waard it lykspul: 16-16. Mid-Fryslân wûn út by Oost-Arnhem mei 19-22. Beide teams stean yn de middenmoat: Mid-Fryslân is fjirde mei 14 punten, SCO stiet fiifde mei trije punten minder. Oer twa wike spylje se de lêste kompetysjewedstriid.