Froulju Jong Oranje hurd ûnderút by lêste wedstriid op earste toernoai ea

01 jun 2019 - 21:24

It Froulju ûnder 23-alvetal is sneon hurd ûnderút gongen yn it lêste duel fan it Nordic Tournament. Yn it Sweedske Kolvsvik wiene de Ingelsen mei 4-1 te sterk.

Publyk by in eardere wedstriid fan de oranjefroulju - Foto: www.orange-pictures.nl

De froulju stiene mei rêst al 2-0 efter. Yn de twadde helte waard it nei 10 minuten 3-0. Katja Snoeijs koe in minút letter noch wol de 3-1 op it skoareboard sette, mar dat wie te min. Yn de ekstra tiid waard it sels noch 4-1.

Hearrenfean-spylsters Quinty Sabayo, Melanie Bross en Tiny Hoekstra begongen de wedstriid yn de basis, Fenna Kalma en Suzanne Admiraal sieten op de bank mar mochten letter wol ynfalle.

Nordic Tournament

It Nordic Tournament wie it earste toernoai ea foar it team, dat fergelykber is mei Jong Oranje by de mannen. De froulju wûnen harren earste wedstriid fan Sweden en ferlearen fan Noarwegen.

(advertinsje)