Oranjefroulju mei fertrouwen nei WK nei winst op Australië

01 jun 2019 - 20:22

De Nederlânske fuotbalfroulju kinne mei fertrouwen nei Frankryk om mei te dwaan oan it wrâldkampioenskip. Yn de iennige oefenynterlân yn oanrin nei it toernoai wûn Oranje mei 3-0 fan Australië.

Vivianne Miedema - Foto: www.orange-pictures.nl

De doelpunten wiene fan Shanice van de Sanden (twa) en Vivianne Miedema. Dat binne beide âld-spilers fan SC Hearrenfean. Sherida Spitse fan Snits stie yn de basis, mar se skoarde net.

Der wiene mear as 30.000 taskôgers yn it PSV-stadion yn Eindhoven. Dat is in rekôr foar in frouljusfuotbalwedstriid yn Nederlân.

Trefwurden: 
fuotbal Oranjefroulju
(advertinsje)