FIDEO: "Genietsje, echt genietsje" op Lemmer Ahoy

01 jun 2019 - 19:57

Nei in silerij fan trije dagen is it skûtsje De Reuzen kampioen wurden yn de lytse klasse fan Lemmer Ahoy. Yn de twadde klasse wie de Sterke Jerke de bêste, en yn de grutte klasse wûn it skûtsje fan Grou. Skipper Douwe Visser wie út de skroeven. "Genietsje is dit, echt genietsje."

De Reuzen is in nije namme yn de skûtsjefloat. It is de eardere Hoop op Welvaart. Andries Brouwer fan Akkrum is dêr no de skipper op wurden. It skip waard mei oermacht kampioen yn de lytse klasse. De Friesland fan Johannes de Vries twadde wurden. Dat skip die foarich jier noch mei yn de grutte klasse fan de IFKS. De Swanneblom waard tredde.

Yn de twadde klasse wie it spannend. De Sterke Jerke fan Pieter Jilles Tjoelker waard kampioen, mei 10 punten. Deun dêr achter stiet de Ora et Labora, fan Sietse Broersma, mei 11 punten, en de Drie Gebroeders fan Harmen Brouwer waard tredde, mei 12 punten.

Yn de earste klasse wie it minder spannend. Grou wûn mei oermacht, folge troch de Eelkje II en de Sneker Pan.

Trefwurden: 
skûtsjesilen Lemmer Ahoy
(advertinsje)
(advertinsje)