Partoer Tuinenga wint frije formaasjepartij yn Reduzum

01 jun 2019 - 19:51

It partoer van Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra hat de frije formaasjepartij yn Reduzum wûn. Yn de finale wiene se mei 5-4 en 6-0 te sterk foar Anne Monfils, Margriet Bakker en Harmke Siegersma.

It partoer fan Tuinenga naam yn it begjin fan de finale in 3-0 foarsprong, mar Anne Monfils en dy kamen werom op 3-2. Dêrnei rûn de foarsprong wer op nei 5-2, mar waard it ek al gau wer 5-4. Yn it lêste earst wiene Tuinenga en dy better en wûnen sy op 5-4 en 6-0 troch in boppeslach fan Manon Scheepstra.

De tredde priis wie foar Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol.

(advertinsje)
(advertinsje)