Brânwacht rydt út foar keukenbrân yn Lippenhuzen

01 jun 2019 - 18:48

De brânwacht fan De Gordyk is útriden foar in keukenbrân yn Lippenhuzen. Neffens in tsjûge soe der in panne yn de brân stien ha op it fornús.

Foto: SR Fotografie

De bewenner is nei it sikehûs brocht. Hy soe reek binnen krigen ha. De brânwacht hat de wenning reekfrij makke.

Trefwurden: 
brân Lippenhuzen
(advertinsje)
(advertinsje)