Brânwacht siket yn sleat yn Surhústerfean nei fynst fan bernefyts

01 jun 2019 - 18:39

Spesjalisten fan de brânwacht ha yn Surhústerfean in feart trochsocht, neidat der yn de berm in bernefyts fûn wie. Der is net ien oantroffen.

Foto: De Vries Media

It is net dúdlik fan wa't de fyts is. De plysje docht ûndersyk yn de buert, en der is ek in burgernet-oprop dien. Foar safier't bekend is, is der net ien fermist.

Trefwurden: 
brânwacht Surhústerfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)