Partoer Van der Bos wint fjirde frije formaasjepartij op rige

01 jun 2019 - 18:30

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra hat yn Moarre de fjirde frije formaasjepartij fan it jier wûn. Yn de finale wûnen se mei 5-2 en 6-4 fan it partoer fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra.

De earste trije partijen fan it jier waarden ek al in proai foar Van der Bos en dy. It waard yn de finale in famyljestriid: Bauke en Taeke Triemstra binne bruorren fan mekoar.

"It is altyd moai om tsjin je broer te keatsen", seit Taeke Triemstra. "En as ik him dan tsjinkom, dan hoopje ik dat it yn de finale is, want dan ha we it beide goed dien."

De winners - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
(advertinsje)
(advertinsje)