Alwer Frysk goud op NK skeelerjen

Moniek Klijnstra fan Sint-Jânsgea hat de gouden medalje wûn op it Nederlânsk kampioenskip skeelerjen op de dyk. Yn Medemblik wûn se krekt fan Elisa Dul. By de puntekoers wie it goud foar Marijke Groenewoud fan Hallum.
© Tims Imaging
Twa dagen earder pakte Klijnstra ek al in gouden medalje, doe op de 200 meter tiidrit op de baan.
By de A-junioaren wûn Jeroen Kroon op de dyk. Hy komt út de Noardeastpolder, mar studearret no op It Hearrenfean. Dêr traint er ek, by de Fryske seleksje.

Puntekoers

Groenewoud pakte freed ek al goud op de 500 meter. Yn de puntekoers wie se te sterk foar Elisa Dul. Berber Vonk fan Appelskea waard tredde.
By de manlju is de puntekoers op de dyk wûn troch Casper de Gier, folge troch Marc Middelkoop. Ruurd Dykstra fan Nijeholtwâlde waard tredde. Hy pakte tongersdei wol goud yn de puntekoers.