Sietske Poepjes docht net mei oan Heel Holland Bakt: "Dat wurdt in drama"

01 jun 2019 - 17:06

Deputearre Sietske Poepjes sil net meidwaan oan it telefyzjeprogramma Heel Holland Bakt. Se wie in ein kaam yn de seleksjeproseduere fan it programma, mar se hat no in streek set ûnder it aventoer.

Foto: Omrop Fryslân

Poepjes is yn har frije tiid in fanatyk bakker. Se hie graach oan it programma meidien, mar de tarieding dêrfoar kostet har tefolle tiid. Dêrtroch is it net te kombinearjen mei har wurk as provinsjebestjoerder.

"Dat wurdt in drama", seit Poepjes. "Ik bin yn it foarste plak deputearre fan Fryslân en ik wol net dat dat der ûnder lije soe. Dielnimmers binne yn in wike meardere dagen kwyt om te oefenjen".

Dêrneist binne der sûnensomstannichheden yn de famylje fan Poepjes. "Dat makket it net makliker. It wurdt dan ien grut gegriem mei de tiid. Mar ik fyn it wol spitich."

(Advertinsje)
(Advertinsje)