Rykswettersteat: berging konteners hielendal net ophâlden

De berging fan de seekonteners dy't fiif moannen lyn fan in frachtskip sloegen, is hielendal net ophâlden. Dat meldt Rykswettersteat. Earder melden meardere media dat de berging opholden wie.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
RTL Nieuws melde as earste dat de berging opholden wêze soe. De skippen soene net mear sykje, en it lêste guod soe op 25 maaie nei Harns ta brocht wêze. De Waadferiening wie poerrazend omdat tsientallen konteners noch altyd net fûn binne.
Neffens Rykswettersteat wurdt op dit stuit de data ferwurke fan earder ûndersyk op de seeboaiem. Op basis fan dy gegevens wurde bergingsskippen ynsetten.

"Het gaat traag en niet op de juiste manier"

Ein juny begjint in pilot mei fiskers, dy't mei netten lyts materiaal fan de seeboaiem opfiskje sille. Dit is te let, fynt de Waadferiening. Dy seit dat fiskers moannen lyn al sein ha dat se helpe wolle. "Het gaat traag en niet op de juiste manier. Er had al veel meer opgeruimd kunnen zijn", seit Ellen Kuipers fan de Waadferiening.
Rykswettersteat seit mei klam dat de rederij fan it skip dat de lading ferlern hat, ferantwurdlik is foar de bergingsoperaasje, ek as der yn de takomst rommel oanspielt.
Takom wike stiet der in oerlis pland tusken de Waadferiening en Rykswettersteat.
De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris ferlear it hûnderten konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.