Hayo Apotheker bliuwt boargemaster

10 nov 2011 - 19:30

Hayo Apotheker bliuwt boargemaster fan Súdwest-Fryslân. Dat is tongersdeitejûn bekend makke troch de betrouwenskommisje fan de gemeente. Apotheker wurdt yn jannewaris beneamd. Apotheker wie de ôfrûne tiid al waarnimmend boargemaster fan de nije fúzjegemeente. Der wiene mar njoggen kandidaten foar de post fan boargemaster. Fjouwer sollisitanten hearre by de anty-weryndielingsaksjegroep Fan Underen Op.

(advertinsje)