Grou wint Lemmer Ahoy: "It is krekt as binne we noait opholden"

01 jun 2019 - 17:07

It skûtsje fan Grou is de winner wurden fan Lemmer Ahoy. Yn de heechste klasse strieden de skûtsjes fan de SKS tsjin de A-klasse fan de IFKS. De Eelkje II (IFKS) waard twadde, en it skûtsje fan Snits (SKS) waard tredde.

Douwe Visser wûn foarich jier it kampioenskip fan de SKS. Hy koe Hearrenfean fuortsile, en sa de winst binnenslepe. Dêrnei hat er mei syn bemanning net mear syld.

Afke Boven praat mei skipper Douwe Visser fan Grou

"We binne fierder gong wêr't we foarich jier opholden binne", sei er nei ôfrin fan Lemmer Ahoy. "As je it guod opromje, en je komme der net mear oan, dan soe alles presys itselde wêze moatte. Dat is net altyd sa, mar it wie no krekt as wiene we noait opholden."

(advertinsje)
(advertinsje)