Grinzer studinten roeie alvestêderekôr nei sân jier út de boeken

01 jun 2019 - 15:18

Noch noait hat in dielnimmer fan de alvestêde-roeimaraton sa fluch werom west yn Ljouwert as it team fan Gyas. Dat is in roeiferiening foar studinten út Grins.

Grinzer studinten roeie alvestêderekôr nei sân jier út de boeken

De studinten ha der 16 oeren en 52 minuten oer dien. Dat is sân minuten flugger as it âlde rekôr. Dat stie al sân jier yn de boeken.

By de alvestêde-roeimaraton moat it team sa gau mooglik de alve stêden by del roeie. It is in estafette, dêr't de roeiers sa no en dan 'ferfarske' wurde. De tiid dy't se nedich ha om yn en út de boat te stappen, telt mei yn de totaaltiid.

De omstannichheden wiene dit jier ideaal, seit Bram Steefland fan de organisaasje. Mar dêrmei binne je der noch net. "Dit vraagt een enorme kracht en voorbereiding. Het is een team dat enorm getraind is en dat geen fouten maakt."

As dielnimmers net goed taret binne, kinne se samar de ferkearde kant op roeie. Foaral yn it tsjuster is dat in risiko.

It winnende team krijt neffens Streefland "naast de eeuwige roem, en de beker, en de medailles, ook nog een cheque" mei nei hûs.

De studinten nei oankomst yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg
Trefwurden: 
Alvestêdetocht roeie Gyas
(Advertinsje)
(Advertinsje)