Bylden Walk of Fean by iepening al stikken

01 jun 2019 - 14:29

Twa fan de boarstbylden dy't ûnderdiel binne fan de saneamde 'Walk of Fean' op It Hearrenfean binne foar de offisjele iepening al stikken. It is net dúdlik oft it giet om fernieling. It giet om de bylden fan Ireen Wüst en dy fan Sjoerd Feenstra. Der wurdt no útsocht oft it giet om fernieling of dat it giet om in produksjeflater.

Bylden Walk of Fean by iepening al stikken

Silke Lettinga fan stichting 'n Gouden Plak, inisjatyfnimmer fan de rûte, sprekt fan in domper: "De bylden soene hufterproof wêze moatte. We moatte dan ek goed útsykje litte wat der krekt bard is. We sille dêroer yn de slach mei de fabrikant. Mar op in dei dat jo sa'n rûte iepenje, wolle jo dit soart nijs net hawwe."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De Walk of Fean is in inisjatyf fan promoasjestichting 'n Gouden Plak. Sy woene de trije lokaasjes graach mei-inoar ferbine. Belangryk wie ek dat de minsken dan wat meikrije soene fan wat se dien hawwe as sporter. It resultaat is in rûte by achttjin boarstbylden del. By elk byld kinne jo mei in app de sport ta libben bringe. "Je komt dan in de augmented reality. Dat brengt de persoon tot leven", seit Frank van Hout fan stichting 'n Gouden Plak.

De bylden stean by bankjes. Dy binne makke fan duorsume materialen. Njonken Ireen Wüst en Sjoerd Feenstra stean der ûnder oare bylden fan Foppe de Haan, Riemer van der Velde en Epke Zonderland.

(Advertinsje)
(Advertinsje)