Gûle en grûn tútsje by oankomst einfinish Kuieralvestêdetocht yn Ljouwert

Blydskip en triennen nei fiif dagen rinnen fan de Kuieralvestêdetocht. Sneon wie de einfinish yn Ljouwert fan de 207 kilometer lang tocht. Yn fiif dagen tiid rûnen de dielnimmers de Fryske alve stêden bydel.
Gûle en grûn tútsje by oankomst einfinish Kuieralvestêdetocht yn Ljouwert
Guon kuierders krigen by de finish yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert in gladioal lykas by de Vierdaagse van Nijmegen. Sa hie in dielnimmende frou kear 'Nijmegen' rûn hat en twa kear de Alvestêdetocht. Sy fynt de Kuieralvestêdetocht wol swier. Mar mei tank oan de masseurs hat se de EHBO net nedich hân.
De earste kuiderders drippelen tusken tsien en olve oere binnen. Sy rinne sawat 8 kilometer yn de oere, rekkenet Jurjen Yntema fan it bestjoer fan de kuieralvestêdetocht út. Op datselde stuit tutet ien fan de binnenkommen dielnimmers de grûn út blidens de einstreek helle te hawwen.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Fan de 850 dielnimmers binne 23 rinners útfallen, fertelt Yntema. Hy is posityf: "Wy hawwe geweldich waar hân en dat makket of brekt sa'n tocht. Yn it begjin hiene de minksen foar de wyn en dan fleane se nei de finish ta. Mei it rintempo moatte wy mei de opbou fan de stimpelposten ek rekken hâlde. Gjin probleem, want mei mei Whatsapp is dat prima te regeljen. "
"It is hiel swier", seit Yntema ek. Minsken dy't de Vierdaagse fan Nijmegen rûn hawwe, sizze dat dize tocht swierder is as Nijmegen. En de minsken dy't foar it brevet gien binne, dus dy't de alvestêdetocht reedride, fytse en kuierje, jouwe ek oan dat de kuiertocht de swierste is fan de trije."

Triennen

Twa froulju komme binnen. Ien fan harren hat de triennen yn de eagen te stean. "It giet goed en ik bin hiel bliid dat wy der binne. Wy hawwe fiif dagen rûn. It wie bêst wol pittich, mar hiel moai dat wy der binne", seit se mei healsmoarde stim fan de emoasjes.