Kuieralvestêdetocht dei 5: Oeble Bouma

01 jun 2019 - 13:53

De Kuieralvestêdetocht is wer úteinset. Tiisdei binne 650 kuierders begûn oan de grutste kuiertocht fan Fryslân. Troch WhatsApp hawwe wy alle dagen kontakt mei in tal kuierders. Sy litte ús meisjen hoe't sy de 'tocht der tochten' belibje. Op dizze lêste Alvestêdedei WhatsAppe wy mei Oeble Bouma.

Oeble oan it ein fan de earste dei fan de Kuieralvestêdetocht - Foto: Eigen foto

Mei syn kollega's fan de plysje yn Noard-Nederlân rûn Oeble de earste pear dagen op. De lêste trije dagen kuieret er tegearre mei syn dochter. Oan ûnderfining gjin gebrek: de Nijmeegse Vierdaagse hat Oeble ek al 35 kear rûn. De Kuieralvestêdetocht docht er no foar de fjirde kear.

Op WhatsApp hâldt Oeble ús op de hichte fan syn kuiertocht. Hjirûnder kinst dit WhatsApp-petear besjen. Klik earst op 'Enter Story', dan op 'Meet your interviewees' en as lêste op Oeble syn namme. No kinst meisjen mei ús WhatsApp-petear mei Oeble. Klik hieltyd op it blauwe tekstballontsje ûnderyn om fierder te gean yn it WhatsApp-petear.

Brûkers fan de Omrop-app kinne it WhatsApp-petear sjen troch op dizze link te klikken.

Fan tiisdei 28 maaie oant en mei sneon 1 juny is de Kuieralvestêdetocht. Oan de tocht, dy't fiif dagen duorret en yn totaal 207 kilometer lang is, dogge 650 kuierders mei. Alle dagen hawwe wy fia WhatsApp kontakt mei in oantal kuierders dy't ús op de hichte hâlde fan harren kuier troch de alve Fryske stêden.

(advertinsje)
(advertinsje)